• Locatie :

    Doarpshûs/pleats Yn’e Mande, Noarderein 1, Tytsjerk
  • Tijd :

    Snein 12 oktober 2014 - 15:00 oere oant ûngefear 18:30 oere
  • Prijs :

    € 10

GURBE EN FREONEN

Gurbe en Freonen is in groep dy’t bestiet út sjonger en lietskriuwer Gurbe Douwstra, sjongeres Gerbrich van Dekken, multi-ynstrumentalist en Biltsktalich sjonger Jan de Vries, banjo-spylster Johanna van der Veen en bassist Wander van Duin. Gurbe Douwstra is foaral as solo trûbadoer bekend mei syn somtiden fleurige en dan wer mankelike harksankjes. Syn liet ‘Cliffs of Moher’ stie fiif jier achter elkoar op nûmer ien yn de Fryske top-100 fan Omrop Fryslân en ek de meisjonger ‘Lit jim gean, Friezen’ is rûnom bekend. Gerbrich van Dekken hat in jier as wat ferlyn har debút-CD ‘Bubbels’ útbrocht. Jan de Vries is akkordeonist, gitarist, dobro-spiler en zanger fan de Biltse band the Feetwarmers. Jan de Vries helle al ris de  finale fan it LIET festival en waard doe tredde. Foarich jier ferskynde syn debút solo-CD ‘Sieleroersels’. Wander van Duin hat in lange reputaasje yn de muzyk yn Fryslân. Hy siet ûnder oaren in de groep Cotton Green. Mei syn fiven bringe sy in programma fan Frysk- en Biltsktalige  harksankjes yn it country en folksjenre. Neam it mar ‘Frisikana’, ôflaat fan de Amerikaanske muzykstyl ‘Americana’.

Gurbe Douwstra – akûstyske gitaar en sang; Gerbrich van Dekken – ukelele en sang; Jan de Vries – akûstyske gitaar, dobro, akkordeon en sang; Johanna van der Veen – banjo;  Wander van Duin – kontrabas en koarsang

Mei freonlike groetnis fan de culturele commissie Tytsjerk

Anneke Bakker, Ineke Kalteren, Gerrit van der Sar

Opjaan: mail of belje nei inekal@chello.nl / telefoan: 0511-431897

Laat een bericht achter.

Naam *: Mail *: wordt niet geplaatst Website
Reactie*: